Zoekresultaten voor: *
Resultaat 201 - 219 (van 219)
Wytske Bakker-Veninga Jeltsje fan Ieme tou
Jeltsje wurdt troch har heit Ieme besteld by boer Hessel Brandsma. Ieme hat as bynamme 'tou', fanwege de negoasje fan allegear guod dêr't hy mei by de doarren lâns sutelet. It is skraabjen om 'e kant en hy kin de fertsjinst fan Jeltsje skoan brûke. Mar dan komt boer Brandsma Jeltsje tenei nei in jûn fan ôfwaaid praat en dat bliuwt net sûnder gefolgen. Brandsma soarget derfoar dat Jeltsje de oerstek nei Kanada makket, tegearre mei Ike Molenaar, dy't tinkt dat it berntsje fan him is. Jeltsje...
Fictie
Westerlauwers Fries | 202 pagina's (ePub2, 1,2 MB) | Elikser Uitgeverij, Leeuwarden | 2021
E-book
Froukje Annema Sûnder garânsje
roman
Als bij een vrouw borstkanker geconstateerd wordt, gaat zij een moeilijke periode tegemoet.
Fictie
Westerlauwers Fries | 165 pagina's (ePub2, 3,2 MB) | TDE, Leeuwarden | 2012
E-book
Froukje Annema Sûnder garânsje
... Kwea-aardich. In kwea-aardige tumor. Wat hold dat yn? Wat hie sa'n ding mei har lichem? Hoefier siet it fierder al troch har lichem? En wat woene se mei har lymfeklieren? Wêr sieten dy dingen eins? Dat se dat net iens wist. 'Se wiene mis, Hilda, finaal mis,' dat sei Freark. 'Dyn kânsen binne goed,' dat sei er ek. Hoe goed? Wat moast in minske mei kânsen as it om syn libben gong! In minske woe wissens, garânsje... In fragmint út dizze tredde roman fan Froukje Annema, Sûnder garânsje. It...
Westerlauwers Fries | 5 uur 37 minuten (370 MB) | Friese Pers Boekerij, Haarlem | 2009
Luisterboek (digitaal)
Greet Andringa De diggels fan Che
Ik wit net mear hoe't syn stimme is. Hy hie ek nea in soad wurden nedich. Dochs wie er dúdlik. Linen, paraboalen, fan alle libben ûntdiene abstraksjes belânen út it boek, fan it boerd, yn ús hollen, op ús proefwurkbledsjes. En dêr hie hy sûnder mis wat mei te krijen. Der kamen earst fiven en seizen doe't wy in oare dosint krigen yn de fjirde. 'Sorry,' seit in frou dy't my mei har koffer yn 'e hoksen rekket. It docht sear. Syn jas is as de pels fan in rôfdier op 'e strún: tûkjes bliuwe...
Westerlauwers Fries | 3 uur 29 minuten (160 MB) | Friese Pers Boekerij, Haarlem | 2010
Luisterboek (digitaal)
Greet Andringa Literêre 4-stêdetocht - Lêzing 2
Dien wurk; Fjouwer lêzings oer de Fryske literatuer
Yn it begjin fan de 21ste ieu skreau Koos Tiemersma yn heech tempo fiif boeken. Se steane los fan inoar, mar foarmje dochs ek in nijsgjirrich gehiel. Greet Andringa besprekt se wiidweidich. Bron: Flaptekst, uitgeversinformatie
Westerlauwers Fries | 1 uur 8 minuten (74 MB) | Audiofrysk, Easterwierrum | 2012
Luisterboek (digitaal)
Albertine Agnesschool De avonturen van Auke
De beroemde schaatser Auke doet mee aan de Elfstedentocht. Het wordt een tocht vol hindernissen want Auke kan de borden niet lezen. Tweetalig verhaal geschreven door basisschoolkinderen. Vanaf ca. 9 jaar.
Fictie
Nederlands | Westerlauwers Fries | 117 pagina's | Afûk, Ljouwert [Leeuwarden] | 2013
Gedrukt boek
Paulus Akkerman Foar de lins
kar út de forhalen fan Paulus Akkerman yn de "Leeuwarder Courant" oktober 1965-maeye 1968
De ferhalen `Foar de lins fan Paulus Akkerman yn de `Sneon en Snein-bylage fan de Ljouwerter Krante ha fan 'e miet ôf oan - dat wie 9 oktober 1965 - in grut en tankber lêzerspublyk fûn. Net allinne de âlderein, dy't harsels faken werom fynt yn dizze ferhalen, is der sljocht nei, mar ek de jongerein, want Akkerman is in smoute forteller en in skerpe opmerker, ek fan de moderne tiid. Paulus Akkerman nimt yn syn ferhalen de minske foar de lins. Benammen de lytse man, de ferhûddûke minske, dy't...
Fictie
Westerlauwers Fries | 203 pagina's (ePub2, 5,5 MB) | Elikser, Leeuwarden | 2012
E-book
Paulus Akkerman It Freark Jabiks Folk
roman
De levensloop van de kinderen van een schipper.
Fictie
Westerlauwers Fries | 177 pagina's (ePub2, 3 MB) | TDE, Leeuwarden | 2012
E-book
Froon Akker Einum
roman
Het wel en wee van 18 Einumer dorpelingen.
Fictie
Westerlauwers Fries | 311 pagina's (ePub2, 0,5 MB) | Elikser, Leeuwarden | 2017
E-book
Froon Akker Einum
Yn it djippe suden fan Kanada set in fûgeltsje útein mei de oerstek nei Europa. Tagelyk wurdt by in wenningstichting yn it noarden fan Nederlân in brief opsteld. Balansearjend op it snijflak fan lân en see leit Einum, in buertskip yn in lânskip fan boulannen mei op de achtergrûn in him yn rap tempo útwreidzjend havengebiet. Yn achttjin miniatueren wurdt in skets jûn fan de ynwenners: in keunstner dy't besiket de skimering tusken skaad en ljocht fêst te lizzen, in demintearjende frou, in...
Westerlauwers Fries | 9 uur (512 MB) | Froonakker, Easterwierrum | 2016
Luisterboek (digitaal)
Froon Akker Ik bedoel mar
Sechstjin ferhalen dy't mei ynmoed beheard wurde troch in pensjonearre kondukteur, dat is de ferhalebondel 'Ik bedoel mar!' yn in nutedop. It binne ferhalen dêr't minsken yn konfrontearre wurde mei de ferrassingen dy't it bestean yn 't fet hat. Faak lykje it mar lytse foarfallen, lykas in busreiske troch de Pyreneeën oer wegen dy't like smel binne as dat de bus breed is. Of nim de jongkeardel dy't, ûnderweis nei syn wurk yn in muzykkafee, in filmke makket fan twa sjoppende froulju en der úteinlik...
Westerlauwers Fries | 6 uur 45 minuten (299 MB) | Audiofrysk, Easterwierrum | 2019
Luisterboek (digitaal)
Willem Abma De roekkat
roman
Een opgroeiende jongen raakt in een spanningsveld tussen gymnasium en orthodox ouderlijk huis.
Fictie
Westerlauwers Fries | 204 pagina's (ePub2, 3 MB) | TDE, Leeuwarden | 2012
E-book
Blomlêzing út 'e Spaanse poëzij
"Mar in hantsjefol oersettings besteane der yn it Frysk fan Spaanstalige poëzij. Dizze bondel foeget dêr gâns in tal fersen oan ta. Klaas Bruinsma lit de lêzer yn ús eigen memmetaal genietsje fan al it prachtige dat Spaanse dichters troch de ieuwen hinne skreaun hawwe, yn krêftige, linige fersrigels. De earste gedichten binne al út it iere begjin fan de sechstjinde ieu, en geande troch de tiid hinne einet de oersetter mei in noch libbene dichter út Nicaragua, dyt yn syn eigen lân sjoen wurdt...
Fictie
Westerlauwers Fries | 135 pagina's (ePub2, 0,7 MB) | Elikser, Leeuwarden | 2014
E-book
Pégasus
blomlêzing út 'e Grykse poëzij
Pégasus is it mytologyske, wjokte hynder fan de Muzen. Dêr't syn hoeven de berch Helikon rekken, ûntstie de welle Hippokrènè. Wa't dêrút drinkt, krijt ynspiraasje om te dichtsjen en te sjongen. De blomlêzing befettet gedichten fan Grykse skriuwers út in tiidrek fan 27 iuwen. Dat begint mei in koart fragmint fan Homerus út 750 foar Kr. En beslút mei in moderne dichter út 1950. Yn it fragmint fan Homerus ferliket de dichter blêden mei minsken: se groeie, bloeie en fertoarkje: de gong fan...
Fictie
Westerlauwers Fries | 456 pagina's (ePub3, 7,1 MB) | Elikser, Leeuwarden | 2017
E-book
Ridders fan de Rûne Tafel
Dit ferhaal is in oersetting fan de episoade Perchevael út de Haachse Lanselotkompilaasje. Lykwols spilet net Perseval in haadrol, mar earder Walewein. Perseval komt yn folle gefallen mar sydlings op it toaniel, meastentiids om Walewein of oare ridders út de swierrichheden te rêden. It ferhaal begjint mei in sêne oan it hôf fan kening Artur, dêr't de ridders mei-inoar oan de feestdis sitte, omt Perseval nei lange omswervingen wer weromkommen is. Wylst hja oan it iten binne komt der in tige...
Fictie
Westerlauwers Fries | 186 pagina's (ePub3, 2,5 MB) | Elikser, Leeuwarden | 2017
E-book
Waatze Gribberts brulloft
Waatze Gribberts Brulloft is in rûch ferhaal oer simpele harry's. Se sûpe, se frette en se tjirgje har en dochs bedoele se it net ferkeard. Bejubele yn 'e 18e iuw, ôfkreake yn 'e 19e iuw. Wat fine jo derfan, yn 'e 21e iuw? It Libben fan Aagtje IJsbrants is in humoristysk ferhaal oer pratende pronkjende froulju. It lit sjen hoe't Aagtje harsels foar de gek hâldt en jout in prachtich byld fan it libben op it plattelân foar de yndustriële revolúsje. Bron: Flaptekst, uitgeversinformatie
Non-fictie
Westerlauwers Fries | 162 pagina's (ePub2, 0,8 MB) | Elikser, Leeuwarden | 2017
E-book
Bhagavad Gita
it liet fan God, it boek fan de joga
Wat moat in minske dwaan, wat moat er litte, om goed te libjen? Wat helpt dêrby? Selskennis of it dwaan fan goede wurken? Is God in persoan bûten jo? Of is God yn jo en moatte jo josels feroarje om God yn josels te sjen? Kin in minske neieroan ta God komme troch te stribjen nei deugd en harmony? Kinne wy ús gedachten yn `e macht krije en ússels op dy wize te'n goede feroarje? Oer sokke fragen giet de Bhagavad Gita, in boek dat it midden hâldt tusken wittenskip en godstsjinst. Yn dit boek sprekt...
Non-fictie
Nederlands | Westerlauwers Fries | 343 pagina's (ePub2, 0,7 MB) | Elikser, Leeuwarden | 2012
E-book
Frysk wurdboek
Nederlands-Fries woordenboek.
Non-fictie
Westerlauwers Fries | 921 pagina's | Osinga, Leeuwarden/Ljouwert | 1985
Gedrukt boek